Liesette Bruinsma fjirde op 100 meter skoalslach

01 sep 2021 - 11:27

Bruinsma hat op har fjirde ôfstân fan dizze Spelen gjin medalje pakt, se einige as fjirde. Freed hat se noch in kâns op in medalje, dan swimt se de 100 meter frije slach.

Foto: Orange Pictures

Yn de finale fan de 100 meter skoalslach begûn se goed. Se swom lange tiid yn tredde posysje, mar yn de lêste pear meters helle de Oekraynske Berezhna har dochs noch yn. Uteinlik einige se mei in tiid fan 1:27,29 as fjirde, it goud gong nei de Syprioatyske Pelendritou, dy't mei 1:19,78 in nij wrâldrekor swom.

Ien sulveren medalje

Bruinsma swimt yn Tokio fiif ôfstannen. Op de 400 meter frije slach pakte se tongersdei har earste medalje, se waard twadde. Dêrnei slagge se der net yn om medaljes te pakken op twa oare ôfstannen. Se waard fjirde op de 50 meter frije slach en moandei wie it fiifde plak it heechst helbere op de 200 meter wikselslach.

Freed swimt Bruinsma de lêste ôfstân yn Tokio, se komt dan noch yn aksje op de 100 meter frije slach.

(Advertinsje)
(Advertinsje)