Krijt in stoarm mei koade oranje of read de namme Tineke?

01 sep 2021 - 11:17

As it de kommende winter stoarmet, kin it hiel goed wêze dat dy stoarm de namme Tineke krijt. It KNMI hat mei de Britske en Ierske waartsjinsten nammen betocht foar it nije stoarmseizoen dat op 1 septimber begjint.

Tineke Dijkshoorn - Foto: ANP

Mei Tineke wurdt Tineke Dijkshoorn bedoeld, de froulike winner fan de Alvestêdetocht yn 1986. De nammen wurde jûn oan stoarmen dy't koade oranje of read krije. It idee fan de namme is dat it bewustwêzen fan gefaarlik waar fergrutte wurdt.

Oare nammen binne Corrie, neamd nei de earste froulike meteorolooch by it KNMI Corrie van Dijk. Ek Eunice is troch it KNMI oandroegen, nei klimaatwittenskipper Eunice Foot. Herman en Franklin steane ek op de list.

De nammelist is ôfwikseljend froulik en manlik. De earste stoarm dit jier krijt de namme Arwen, de twadde Barra. De letters Q, U, X, Y en Z wurde net brûkt om te foldwaan oan de ynternasjonale ôfspraken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)