Houtûndersiker fertelt skiednis fan de Fryske bou fan pleatsen

01 sep 2021 - 11:06

Dendrogronolooch Paul Borghaerts bringt ynkoarten syn boek Houtstromen út oer Fryske pleatsen, op basis fan it houtûndersyk dat hy by goed hûndert gebouwen dien hat.

Paul Borghaerts - Foto: Omrop Fryslân, Lars de Leeuw

Oer bouhout fan pleatsen en skuorren is fan alles te fertellen. Bygelyks: fan hokfoar beam kaam it hout, hoe âld wie dy beam, wêr kaam dy beam wei, wannear is it hout kapt en de pleats boud, op watfoar bouwize is de pleats opboud en wat binne de kenmerken fan dy konstruksjes?

Nij each op Fryske skiednis

It boek fan houtsaakkundige Borghaerts fertelt de skiednis fan de Fryske pleats, mar wol op in wize dy't noch nea earder dien is. Borghaerts hâldt him dwaande mei 'dendrogronology', oftewol: it ûndersyk fan hout en de datearring dêrfan. Nei jierren fan ûndersyk hat er it no fêstlein op papier.

It die bliken dat de plakken dêr't bouhout wei kaam, yn de rin fan de jierren feroare. It hout kaam faak net út eigen provinsje, mar waard folle fierder wei helle: bygelyks út it Eastseegebiet.

Ferslachjouwer Lars de Leeuw yn petear mei dendrogronolooch Paul Borghaerts

Foto: Omrop Fryslân, Lars de Leeuw

Borghaerts begûn fyftjin jier lyn mei ûndersyk yn de argiven en begûn letter mei boarjen. "Door de teksten uit de archieven te transcriberen leerde ik al veel over de boerderijen, maar aan bouwkenmerken kun je niet afleiden hoe oud een gebouw is, daarom ben ik begonnen met boren."

Mei in holle boar, as wie it in appelboar, hellet er in stik hout út in bynt en limet dat op in stokje. "Aan de jaarringen kan ik een klimaatritme zien die speciaal voor een bepaalde tijd is en zo kan ik het hout dateren."

De ûndersiker kin dêrneist ek fêststelle wêr't it hout wei komt. Fan in pleats fan 1868 út Allingawier bygelyks is it byntwurk fan grenenhout dat út Wyt-Ruslân kaam.

Foto: Omrop Fryslân, Lars de Leeuw

Borghaerts is ek driuwende krêft efter Stichting Historisch Bouwhout Fryslân, dat yn 2017 oprjochte is om hout fan histoaryske gebouwen yn de provinsje te sammeljen, te ûndersykjen en te bewarjen.

De houtdatearder set him bot yn foar it behâld fan in spesjale skuorre: ien yn Reahûs, dy't boud is om 1596 hinne. It giet om de âldst bekende skuorre fan it Noardseegebiet, mei in grutte histoaryske wearde. Borghaerts ûntduts yn 2015 dat de skuorre oan de Sânleansterdyk al sa âld wie. "Toen stond ik wel even te springen", seit er.

Ferdwynt ús âldste skuorre?

De skuorre fertutearzet lykwols: de boer hat it jild der net foar en gemeente Súdwest-Fryslân wol net djip ta de bûse. De skuorre stiet op knappen. It kin neffens Borghaerts elk momint bard wêze. "Als er een dik pak sneeuw op komt deze winter, dan kan het al klaar zijn", seit hy.

Borghaerts hopet dat der gau in oplossing komt om de skuorre wer stabyl te meitsjen. "En anders gaan we zelf het dak op", sa seit er.

Syn boek komt op 14 septimber út.

Undersiker Paul Borghaerts en boer Piet van der Hoff oer de âldste pleats

(Advertinsje)
(Advertinsje)