Oardel jier sel easke tsjin Ljouwerter 'seksuitbuiter'

It Iepenbier Ministearje easket achttjin moannen sel tsjin in Ljouwerter 'seksuitbuiter'. De 46-jierrige man wurdt fertocht fan it misbrûken fan de beneare situaasje fan slachtoffer.
© ANPFoto
Yn febrewaris fan 2020 krige de plysje sinjalen fan minskehannel by in seksynrjochting yn Ljouwert. Dêr soe in Bulgaarske frou te min betelle krije en der soe faak lijen wêze. Dat wie oanlieding foar plysje om in ûndersyk op te setten.

Gjin ynsjoch fan kwealik hanneljen

It Iepenbier Ministearje konkludearret op basis fan dat ûndersyk dat de fertochte him skuldich makke hat oan it misbrûken fan de benypte situaasje fan de frou, njoggen moannen lang. Se wie yn in ûnbekend lân, sûnder sosjale kontakten bûten de fertochte om. Neffens it Iepenbier Ministearje hat bliken dien dat de fertochte syn kwealik hanneljen sels net ynsjocht. Der wurdt in selstraf fan achttjin moannen easke.