FIDEO: 100-jierrige teäterman Roel Oostra yn de blommen set

Roel Oostra is 100 jier âld wurden. Hy is it meast bekend as direkteur fan De Lawei yn Drachten, dy funksje hie er tusken 1962 en 1986. Mar ek dêrnjonken is hy ferneamd, yn de kulturele wrâld en mei syn ynset foar it Fryske teäter. Hy wurke ek wol foar Omrop Fryslân. De boargemaster fan Smellingerlân kaam by Oostra op besite.
Roel Oostra 100 jier