Nije doarpsmûne Reduzum mei dochs op maksimaal fermogen draaie

31 aug 2021 - 17:55

De nije doarpsmûne mei dochs wol op maksimaal fermogen stroom opwekke, makke Liander tiisdei bekend. Earder wie it berjocht dat der net genôch kapasiteit op it elektrisiteitsnet wie foar de wynmûne.

Foto: Omrop Fryslân

De nije doarpsmûne dy't der nei in lange striid komt yn Reduzum, mocht earst folle minder stroom weromleverje oan it stroomnet as't er opwekke kin. De teloarstelling wie grut, want it finansjele ferlies soe grut wêze, it soe om 80.000 euro it jier gean.

Oansluting komt der dochs

Liander kaam tiisdei mei it nijs dat de mûne dochs op it netwurk oansletten wurde koe. "Ik heb ook gehoord dat Liander besloten heeft dat die aansluiting toch geregeld kan worden", seit wethâlder Bert Wassink fan de gemeente Ljouwert: "Deze aanvraag is eigenlijk in een stadium ingediend dat hij binnen de stop viel. Maar ze hebben toch gedacht, dit heeft zo'n hele lange voorgeschiedenis, er is zoveel gebeurd, we hebben zoveel contact gehad, het is gewoon redelijk om deze nu toch toe te kennen."

Wassink is wiis mei it beslút. "Ik ben er hartstikke blij mee, want er zijn veel vrijwilligers die er heel veel energie in hebben gestopt. Het is belangrijk voor het dorp, de omliggende dorpen, en ook omdat we allemaal naar die duurzame energie willen."

Wethâlder Bert Wassink is bliid mei it nijs

Trefwurden: 
Liander Reduzum wynmûne
(Advertinsje)
(Advertinsje)