SC Hearrenfean siket in spits, mar rint hieltyd tsjin teloarstellingen oan

31 aug 2021 - 17:06

De ein fan de transferperioade komt mei de minút tichterby. Technysk manager by SC Hearrenfean Ferry de Haan hopet noch in twadde spits fêst te lizzen, mar dat giet dreech. "Het gaat niet vanzelf."

Ferry de Haan - Foto: ANP

Mei Henk Veerman hat Hearrenfean de beskikking oer ien spits en dat is te min. De Haan hat earder al oanjûn dat it winsklik is dat der noch in twadde spits by komt. Mar der is noch hieltyd gjin wite reek en de kâns dat it noch slagget wurdt hieltyd lytser.

Teloarstelling op teloarstelling

"We zoeken in Nederland, maar ook in het buitenland, maar het gaat niet vanzelf. We hebben al veel teleurstellingen te verwerken gekregen", sa seit technysk manager Ferry de Haan. "Zeg nooit nooit. We blijven zoeken, maar het wordt wel steeds lastiger."

Joey Veerman - Foto: Orange Pictures

By Hearrenfean giet men der net mear fan út dat Joey Veerman noch fuort giet. Op de fraach oan Ferry de Haan oft der noch wat spilet rûnom de Volendamske middenfjilder seit hy: "Het is heel stil. We hebben niks meer gehoord en gaan ervan uit dat er ook niets meer gebeurd."

(Advertinsje)
(Advertinsje)