Arriva en ProRail wolle testen dwaan mei batterijtreinen

31 aug 2021 - 16:58

Arriva en ProRail sille yn gearwurking mei provinsje Fryslân testen dwaan mei treinen op batterij. Fan 't hjerst sille de earste testen nachts op it trasee Ljouwert-Starum en Ljouwert-Harns dien wurde.

In WINK-trein fan Arriva - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Noch net earder rieden yn Nederlân treinen op batterijen. Arriva en ProRail wolle no sjen oft batterijtreinen de smoargere diseltreinen yn de takomst ferfange kinne.

Dieseltreinen ferfange

"We gaan dat in een test beproeven. We hebben op een aantal trajecten in Nederland nog dieseltreinen rijden, ook in Fryslân", fertelt Aldert Baas fan ProRail. "Een batterijtrein zou wel eens oplossing kunnen zijn om die vervuilende dieseltreinen te vervangen door schone batterijtreinen."

De testen wurde foarearst bûten de gewoane tsjinstregeling om dien. "We gaan in eerste instantie een test doen om te kijken of een accu volstaat om treinvervoer te kunnen doen. Voor die test gaan we in de nachten rijden, om te zorgen dat we de reizigersdienst gewoon overdag kunnen doen."

Nije treinen kinne al op batterij ride

"We willen in deze test echt kijken, want we willen de treinen deels op een bovenleiding laten werken, dus hoe werkt dat nou samen met zo'n batterij." Der hoecht foar de test neat te feroarjen oan it spoar of de treinen. "Die treinen van Arriva waarmee we de test gaan doen, die hebben al zo'n batterij aan boord. Die worden nu nog gebruikt voor verlichting en airco. We gaan met de test kijken of diezelfde accu ook voor de aandrijving kan zorgen."

Baas tinkt dat de testen dy't dit neijier dien wurde sa'n fjouwer oant seis dagen duorje sille.

Aldert Baas oer testen mei batterijtreinen

Trefwurden: 
trein Arriva batterij
(Advertinsje)
(Advertinsje)