Provinsje krijt 45 miljoen fan Ryk foar oanpak fan stikstofgefoelige natuer

De provinsje Fryslân krijt 45 miljoen euro fan it Ryk foar it werombringen en it takomstbestindich meitsjen fan stikstofgefoelige Natura 2000-natuergebieten. De provinsje wol it jild benammen ynsette op de Waadeilannen, yn it Fochtelderfean en yn it feangreidegebiet fan de Lege Midden fan Fryslân.
It Fochtelerfean © Shutterstock.com (Olha Rohulya)
Ferskate maatregels moatte der foar soargje dat dizze gebieten mear wetter fêsthâlde kinne en sadwaande in grutter bioferskaat krije.

Wat bart der dan?

Yn Fryslân is foar elts gebiet yn ynventarisaasje makke fan de maatregels dy't it beste by dat gebiet passe. It giet dan om it stimulearjen fan ferstowing yn it dunen, it ferbetterjen fan wettersystemen en it ûntwikkeljen en ferbetterjen fan heide, sompe en feanmoasreidlân.

"Hurd foar fochten"

De provinsje hat dit blykber goed dien, want Fryslân is de earste provinsje dy't in bedrach tasein krigen hat út de pot fan 300 miljoen euro dy't it Ryk beskikber hat. Fryslân kin dat jild goed brûke, ûnder oare yn it feangreidegebiet, seit deputearre Douwe Hoogland. "Wy binne net ûngelokkich mei dizze bydrage, mar we ha der ek hurd foar fochten."

Utwurking mei terreinbehearders

De provinsje wol ynsette op it werombringen fan de oarspronklike natuer yn dy gebieten en dy fêst te hâlden en te ferbetterjen. De provinsje sil hjirfoar de kommende tiid de plannen fierder útwurkje yn 'e mande mei de tereinbehearders.
Deputearre Douwe Hoogland oer de miljoenen foar natuer
"Wy hoopje dat nei ferrin fan tiid it ferskaat oan soarten wer tanimt en dat wy dêr desennia lang fan profitearje kinne." Hoogland hopet dat dit ek liede sil ta mear greidefûgels yn it gebiet. "Dêr sette wy yn alle gefallen op yn."