Dûbelde transfer foar SC Hearrenfean: Madsen en Musaba binnenhelle

31 aug 2021 - 16:33

Op de slotdei fan de transfermerk hat SC Hearrenfean noch twa spilers binnenhelle. Anthony Musaba wurdt hierd fan AS Monaco en Nicolas Madsen komt oer fan it Deenske FC Midtjylland.

Anthony Musaba - Foto: ANP

Mei de komst fan de 20-jierrige Musaba hat technysk manager Ferry de Haan de posysje fan Mitchell van Bergen ynfolle. Van Bergen makke ferline wike de oerstap nei it Frânske Stade Reims.

Musaba spile yn it ferline by NEC en makke yn 2020 nei in goed seizoen de oerstap nei Monaco. Dêr hat hy gjin inkele wedstriid spile, want hy waard troch de Frânske klup fuortendaalks ferhierd oan Cercle Brugge. Yn België spile hy 29 kompetysjewedstriden en skoarde hy 6 doelpunten.

Power

Ferry de Haan: "Na het vertrek van Mitchell van Bergen hebben we snel doorgeschakeld. Anthony staat al een aantal jaar bij de scouting op de radar. Hij is een zeer talentvolle en technisch vaardige buitenspeler met veel power in zijn spel. We zijn blij dat hij ervoor gekozen heeft om zich bij ons verder te ontwikkelen."

Nicolas Madsen - Foto: ANP

Nicolas Madsen is in kontrolearjende middenfjilder en sil de konkurrinsje oangean moatte op it middenfjild. Johnny Jansen hat earder al oanjûn dat syn seleksje wol smel is.

Mei de komst fan de 21-jierrige Deenske jeugdynternasjonal hat Jansen no mear mooglikheden. Madsen spilet sûnt 2015 foar FC Midtjylland en hat dêr 23 wedstriden spile. Hy wurdt foar ien seizoen hierd.

Driouech nei Excelsior

Couhaib Driouech makket de oerstap nei Excelsior. Driouech hat by de "Kralingers" in kontrakt tekene foar trije seizoenen.

Dat is in opfallende oerstap, want begjin dit jier tekene de 19-jierrige fleugeloanfaller noch syn earste profkontrakt by SC Hearrenfean. Driouech komt út de eigen jeugdoplieding en waard sjoen as in grut talint.

Dochs kaam hy hast net yn 'e plannen foar fan Johnny Jansen. Ferline seizoen makke hy syn debút yn it earste alvetal mei de thúswedstriid tsjin Willem II.

(Advertinsje)
(Advertinsje)