3 miljoen euro stipe foar ûnderwiis yn krimpregio's

31 aug 2021 - 16:24

It Ryk ferdielt mear as 3 miljoen euro oer ferskate krimpregio's yn Fryslân. It jild moat der foar soargje dat learlingen yn dy regio's goed ûnderwiis krijen bliuwe en yn 'e buert nei skoalle gean kinne, seit minister Slob.

Minister Slob - Foto: ANP

Demisjonêr minister Slob hat bekend makke dat oer it hiele lân jild ferdield wurdt om it ûnderwiis yn krimpregio's op peil te hâlden. Fan de 22 miljoen euro dy't der lanlik foar útlutsen wurdt, bedarret goed 3 miljoen euro yn Fryske krimpregio's.

Hieltyd minder learlingen

Neffens minister Slob moatte skoalle it mei hieltyd minder learlingen dwaan, mar mei it ûnderwiis dêrtroch net ûnder druk komme te stean. It jild moat dêrby helpe. "Zo voorkomen we dat middelbare scholen in krimpgebieden zomaar omvallen en de kwaliteit van het onderwijs wordt aangetast. Alle leerlingen verdienen goed onderwijs op een redelijke afstand van huis, waar je ook woont."

Yn Súdwest-Fryslân sil it jild brûkt wurde om in firtuele kampus yn te rjochtsjen dêr't learlingen fan ferskate skoallen tegearre fakken folgje kinne, dy't foar in inkelde skoalle net út kinne. Oare regio's dêr't it jild hinne giet binne gemeenten Eaststellingwerf, Weststellingwerf, Opsterlân, De Fryske Marren, Smellingerlân, Hearrenfean, Noardeast-Fryslân en Achtkarspelen.

Trefwurden: 
ûnderwiis stipe krimpregio
(Advertinsje)
(Advertinsje)