Operaasje Fryske Flagge: sirkustrainer Judith Kroes fan Brussel

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike: Judith Kroes út Brussel wei.
Judith Kroes © Omrop Fryslân
Judith is 26 jier en wennet yn Brussel, mar sy is hikke en tein yn Ljouwert. Yn Brussel wurket sy as sirkustrainer: in bysûnder berop. "Yn Brussel is dêr in oplieding foar. Nei dy oplieding haw ik staazje rûn yn in sirkusskoalle foar bern, dêr't ik no noch hieltyd wurkje."

Leafde troch Saranti

De leafde foar it sirkus komt fan it ferneamde sirkus Saranti yn Ljouwert. "Dêr bin ik as 8-jierrich famke begûn. As je dêr ienkear mei begûn binne, dan giet it nea wer fuort. Ik turne earst ek noch, mar dat wie sa strang. Der wie mar ien wize goed en je koene net sels wat betinke. Yn it sirkus kin dat wol: der is gjin goed of fout. Ik haw by Saranti jonglearre, koarddûnse en it fytsen op in ientsjiller. De passy is dêr begûn."

Wurk fan meitsje

Doe't Judith âlder waard, ferhuze sy nei Grins foar stúdzje. "Doe bin ik by Saranti opholden, al kaam ik der noch wol geregeld. Ik studearre keunst, kultuer en media. It sirkus rekke wat mear op de eftergrûn, mar ik haw myn skripsje wol oer it sirkus skreaun. Mar ik wist wol: dat is eins wat ik it alderleukste fyn. Doe tocht ik: wêrom besykje ik net gewoan om dêr myn wurk fan te meitsjen."

Trochjaan oan bern

Judith besleat in jier yn in Europeesk frijwilligersprojekt by in sirkus yn Berlyn te wurkjen. "Dêr seine sy: ast noch mear dwaan wolst mei it trainen foar it sirkus, dan moatst nei Brussel. Je leare de basis fan alle sirkusdissiplinen, mar ek it trochjaan dêrfan oan bern. It sirkus is mear as allinne in keunstje dwaan, mar ek de gearwurking en de kreativiteit."

Thúskomme

Sy wurket no yn Circus Zonder Handen en wennet yntusken trije jier yn Brussel. Nettsjinsteande dat Judith it goed hat yn België, bliuwt it foar har noflik om werom te kommen yn Fryslân. "It fielt noch wol as thúskomme. Brussel is in grutte stêd, dy't ek wol anonym is. Hjir is it mear 'ons-kent-ons'."
Judith Kroes fan Brussel
As sy yn Brussel har Fryske trui oan hat, sizze minsken faak dat sy it in moaie 'hertsjestrui' fine. "Dan fertel ik se altyd wiidweidich dat it eins de Fryske flagge is."
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.