Stelselmjittich fandalisme op Domela's Paad tusken Ulesprong en Nij Beets

It wie sa'n handich helpmiddel: de ynformaasjepanielen oan wjerskanten fan it giele pontsje De Jeltsje. Op de buorden by it pontsje stie hoe't de kettingkonstruskje fan de selsbetsjinningspont krekt wurket. Sûnt healwei augustus binne de panielen poater.
Stelselmjittich fandalisme op Domela's Paad:
It pontsje fart kuierders en fytsers oer it Nijdjip. It ferbynt it Domela's Paad tusken Nij Beets en Ulesprong.

Net it earste boerd

It is net de earste kear dat de frijwilligers fan stichting Ulesprongpontsje De Tynje-Nij Beets te lijen hawwe fan fandalisme. Trije moannen lyn waard al sa'n selde ynformaasjeboerd fernield.
Ek op de pont sels wiene der fernielingen. Dêr waard in read warskôgingsboerd yn stikken fûn. Dêrfoar waarden al pealtsjes mei it logo fan de stichting meinaam, nettsjinsteande de anty-dieverij-skroeven.
Pont De Jeltsje tusken Ulesprong en Nij Beets © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
Technysk man Jappie Groen die de ûntdekking dat de buorden fuort wienen. "Neffens my stienen de boerdsjes der sneon 15 augustus noch. Snein 16 augustus wienen se fuort."
Groen is de technyske man fan de stichting. Minsken belje him as sy net witte hoe't it selsbetsjinningspontsje wurket. "Myn telefoannûmer stie op de buorden. No kinne minsken my net berikke. Wa docht no soks..."
Yn in gearkomste sil foarsitter Gerrit Overwijk mei de oare frijwilligers beprate wat der no barre moat. "Moatte wy kamera's delhingje? Rico Verhoeven ynhiere? Hoefier moatte wy gean foar sa'n sympatyk projekt", freget de foarsitter him ôf. De kosten rinne op, de buorden kostje 2.000 euro. Sels de anty-dieverij-skroeven hawwe neat dien.
De frijwilligers hawwe oanjefte dien by de plysje.
Pont De Jeltsje leit yn de Nije Feart en makket in fytsferbining tusken de doarpen De Tynje en Nij Beets mooglik. De pont is sels te betsjinen mei in ketting. It fearpontsje is neamd nei Jeltsje Dijkstra, dy't tusken 1934 en 1950 in pontsje sels betsjinne. It behear en ûnderhâld fan de fearpont binne ûnderbrocht by in stichting.