SC Cambuur komt yn syktocht nei spits út by Letsk ynternasjonal

31 aug 2021 - 14:11

SC Cambuur soarget op de lêste dei fan de transferperioade noch foar fjoerwurk. De klup hat Letsk ynternasjonal Roberts Uldrikis oernaam fan it Switserske FC Sion. Hy moat de spitsposysje by de Ljouwerters fersterkje.

Direkteur Gerald van den Belt oer de nije spits

Uldrikis tekenet in kontrakt foar twa jier yn Ljouwert. Dêrby sit in opsje op noch in seizoen. Direkteur Gerald van den Belt fan Cambuur jout oan bliid te wêzen mei de nije oanfaller. "Het is een ander type spits dan we tot nu toe hebben. Het is een lange en sterke spits. Lange spitsen zijn niet altijd kopsterk, maar dat vinden we van hem wel. Hij heeft veel dingen waarvan wij denken dat het van toegevoegde waarde is voor ons. De drie spitsen kunnen het uitvechten."

Nije wike sil de Let him melde yn Ljouwert. Hy sit by de nasjonale seleksje en spilet dêrmei earst noch trije wedstriden tsjin Gibraltar, Noarwegen en Montenegro. Uldiriks sit mei Letlân yn deselde WK-kwalifikaasjepûl as it Nederlânsk alvetal.

Grutte en sterke spits

Yn de SportCast fertelde Van den Belt moandei al dat de klup noch in spits siket dy't grut en sterk is. Uldrikis past yn dat plaatsje. Hy is hast twa meter lang. By it Switserske FC Sion skoarde er ferline jier trije kear yn de 24 wedstriden dy't er binnen de linen kaam. Yn de helte fan dy 24 wedstriden kaam er as ynfaller yn it fjild.

Roberts Uldrikis yn it wite shirt as Letsk ynternasjonal - Foto: Orange Pictures

Nei alle gedachten net mear fuort

Mei de komst fan Uldrikis is Cambuur foar dizze transferperioade klear. Van den Belt ferwachtet nammentlik dat der gjin spilers mear fuort gean sille. Oer Nick Doodeman giene noch geroften dat er miskien noch fuortgean soe, mar neffens de direkteur fan Cambuur is dat net oan 'e oarder.

Ferline wike helle Cambuur ek al twa spilers: de Bulgaar Filip Krastev en AZ-ferdigener Maxim Gullit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)