Plysje hâldt fertochten fan rôfoerfal Ljouwert ûnder skot

De plysje hat moandeitejûn oan de Sacramentstrjitte yn Ljouwert meardere fertochten fan in rôfoerfal ûnder skot holden. De fertochten soenen belutsen wêze by in mooglik wapene oerfal.
© AS Media
Op de Oldegalileën is moandeitejûn om 21.30 in man by syn buske oerfallen. De man is dêrby fan persoanlike eigendommen berôve, meldt de plysje. By de rôf is de man bedrige, mooglik mei in fjoerwapen. It slachtoffer is fysyk net ferwûne rekke.

Oanhâlding ûnder skot

De plysje trof meardere fertochten oan yn in wenning oan de Sacramentsstrjitte. Om't by de rôf mooglik in fjoerwapen brûkt wie, wie in soad plysje op de melding ôfkaam. De plysje hat de fertochten ûnder skot út de wenning helle. Der binne twa minsken oanholden en meinommen nei it plysjeburo.
De plysje ûndersiket oft de fertochten en it slachtoffer bekenden fan inoar wienen.