Reinbôgelespakket foar akseptaasje: "Unbegryp liedt ta agressiviteit"

Wy binne allegearre oars, mar eltsenien heart derby. Dat is it boadskip fan it nije lespakket 'De Regenboogweken'. Moandei begûn IKC Het Palet yn Ljouwert as earste fan 13 basisskoallen mei de lessen.
Op basisskoallen is der net altyd in soad omtinken foar saken as seksualiteit en gender. "Der is wol wat, mar dat is faak mei in fingerke", sa fertelt Aaf Dotinga. En dat wylst sokke foarljochting noch hieltyd nedich is, seit Janneke Bijlsma.
"It is nedich salang't der noch kommentaar jûn wurdt as twa mannen hân yn hân rinne of dat minsken yn elkoar slein wurde om't sy net sizze wolle wat harren geslacht is."

Nije oanpak

Dotinga en Bijlsma, de twa inisjatyfnimmers, pakke it mei it nije pakket dan ek hiel oars oan. "Wy biede it boartlik oan, want it is ek foar learkrêften dreech om oan te fleanen." Sa wurdt yn it pakket gebrûk makke fan sjong, dûns, nifeljen en teäter. "Sadat it in bliid pakket is."
Sy hawwe benammen harren eigen ûnderfiningen brûkt foar it pakket. "Ik kom út in rôze húshâlding, ik bin troud mei in frou en wy ha twa berntsjes", fertelt Dotinga."Ik merk dat de bern op skoalle myn dochter fragen stelle: 'hé, heb jij twee mama's? Dat vind ik wel een beetje gek'."

Undúdlikens en agressiviteit

Dotinga seach ek as dosint dat der by in soad bern ûndúdlikens is. "Dêrút komt eangst en ûnbegryp, want alles dat 'oars' is kin driigjend of frjemd wêze. Dat leveret somtiden ek agressiviteit op", wiist Dotinga op resinte homo- en transfobe foarfallen.
© LEO Middelsé, Larissa Lokenberg
Goed LHBTIQ+-ûnderwiis kin dus in grutte rol spylje by it tsjingean fan sokke haat. "Wy hoopje dat der troch just yn it basisûnderwiis mear omtinken oan te jaan, der begryp en akseptaasje komt. Je meie it frjemd finen bliuwe, mar begryp is wol wichtich om te akseptearjen dat eltsenien oars is."

Gjin seksuele foarljochting

By de jongste bern giet it net echt om seksualiteit, fertelt Dotinga. "It giet mear om it feit dat it der is, dat eltsenien oars is. Dêryn sit foaral it stikje seksuele differinsjaasje. It is gjin seksuele foarljochting. Mar op in basisskoalle binne der bygelyks ek jonges dy't fiele dat sy fereale op in oar jonkje wurde. Op momint dat je mei dit projekt dwaande geane, iepenje je dat."
"It is foar bern ek wichtich dat se har weromkenne kinne", follet Bijlsma oan. "Der binne ek bern dy't twa heiten of twa memmen hawwe. Hoe moai is it dat it dêr ek ris oer giet op skoalle. Elts mei wêze wa't hy of sy is, it giet oer leafde."

Rôze sneon

It lespakket is gearstald yn ferbân mei Rôze Sneon, dat Ljouwert dit jier op 16 oktober organisearje mei. "In moaie oanlieding om yn de klasse omtinken te jaan oan it ferskaat oan seksualiteit en gender."
Oant no ta hawwe 13 skoallen de pakketten besteld. Bijlsma ferwachtet dat dat tal tanimme sil as it bekender wurdt.