De toan fan Jan de Groot: "Dâg"

"Ik omêrm de emansipasy en derom borduur ik even deur op fleden week der't ik 'stikem' bekinde jareg te wezen. At se mij filesitere, sêge se d'r in 'e regel achteran: "Maak d'r 'n mooie dâg fan." Nou, 't waar in elk gefal 'n goed fulde dâg en der bedoel ik gyn taart ensoa met.
Om 6.39 uur ferskynt de eerste filesitasy al op myn tillefoan en soa gaat 't de hele dâg deur. Feul meer as âns en dat komt fast deur de kollum op Omrop Fryslân.
Offens froeg as de weerlicht na de bakker foor wat soetspul. Ik kies foor fijf stikkys oranjekoek met slagroom en met dut kostbere soet fyts ik na de kantine fan sportpark 'De Waaie'. At ik frij bin, dan haal ik der altiten even 'n bakky koffy. Ik hew wat te krinterig rekend, want d'r binne meer as fijf man anwezig. Dat ik slaan mijsels maar even over.
Na 't koffydrinken naar ôns mim, want der mot 'n nije maaimesine innander set worre deur Jelke de Jager. Dat is soamaar klaar.
Even later komme de skilders der om huus hine. Wylst sij forfe perbeer ik 't grâsmesyntsy út. Die is d'r trouwens alleen foor noadgefallen, want myn nefy komt altyd lâns om te maaien en dat houwe wij ok soa.
Maar hé, de bak fangt maar 'n bitsy grâs op. Hoe kin soks nou? Bulten grâs blive op 'e blaik achter. Dat mot ik nag maar even nafrage. Even kike at d'r 'n hark lait in 'e gerazy. Der staan de skilders bij hur bussy. Ik geef an dat ik d'r niet lâns hoef met 'e auto, maar dat ik op soek bin naar 'n hark. "Ik haw d'r twa. Sis mar wa asto hawwe wolst", sait de ene skilder bekfast en wiist na syn baide kollega's. Wij gnize wat ôf op soa'n dâg.
Gyn hark. Dan maar een út de kantine hale. Ik wil myn jas hale en wat doet deuze soeg: ik pak de krekt forfde deur beet en krij simptoanen fan de hulk; myn ene hând sit ônder de forf. Gau na de skilders toe die't krekt op 't stoit staan om te fertrekken. Se stoppe, ik laat myn hând sien en ik krij der 'n spesjaal doeky foor en de forf ferdwynt gau.
Ik haal 'n hark en begin 't grâs bijnander te harken. At ik klaar bin, wil ik even hannewasse en wat doet deuze omkoal Ja, hoor, hij krijt de natte deur wèèr beet. As in 'n stripferhaal stamp ik met baide foeten toegelyk op 'e grônd. 't Doeky komt út 'e klyko en ik maak myn hând weer forffrij.
Derna gebeurt d'r nag fan alles, maar omwille fan de rúmte laat ik dat even foor wat 't is. Maar rust krij ik in elk gefal niet.
Dat krij ik krekt at ik an 't eand fan 'e overdâg bij de buren 'n bakky koffy haal. Al núvver fansels: je binne jareg en in plak dat se bij mij op bezite komme, gaan ik na hur
Afijn, avens even na de oefenwedstriid fan 't eerste. Na een helt op na huus om PSV teugen Benfica te sien.
Na de wedstriid fâlt de spanning fan je ôf en dan foele je krekt hoe'n drokke dâg je had hewwe. Dan dink ik bij mysels: ik kin al merke dat ik gyn twintig meer bin..."