Friso Douwstra folget Sander de Rouwe op yn provinsjebestjoer

31 aug 2021 - 09:27

It CDA skoot de Ljouwerter wethâlder Friso Douwstra (37) nei foaren as opfolger fan deputearre Sander de Rouwe.

Friso Douwstra, Sybrand Buma en Sytse Brouwer oer de oerstap:

"Ik fiel my hiel fereare en ik bin tankber dat de fraksje my foardraacht foar dizze post", seit Douwstra. "Al ferlit ik op in ûnferwachts momint de prachtige gemeente Ljouwert, mar sokke karren kinst net altiten planne."

"Ik ha hast 12 jier riedslid en wethâlder fan dizze prachtige gemeente west en ik ha dat wurk mei in soad leafde foar ús ynwenners dien mei in prachtich team. Mei dizze nije stap bliuw ik my ynsetten foar it CDA en foar híél de provinsje Fryslân mei in portefúlje dy't my goed past!"

Friso Douwstra by in CDA-debat yn Ljouwert yn 2017 - Foto: ANP

De Rouwe ferlit it provinsjebestjoer om boargemaster fan Kampen te wurden. Dat wie al langer syn dream. Syn frou wie de earste dy't seach dat de fakatuere iepene wurde soe, sei er earder. "Doe sei se Sander, dyn gemeente komt frij."

It CDA wie al in skoftke op syk nei in opfolger. Dy soe én in betûft bestjoerder wêze moatte, mar ek potinsje hawwe moatte as listlûker by de kommende steateferkiezings. Yn Douwstra tinkt it Fryske CDA dy tûzenpoat fûn te hawwen.

Doe't bekend waard dat De Rouwe ophâldt as deputearre, makken we dizze reportaazje. "Ik wol werom nei de lokale demokrasy", sei De Rouwe doe. "Dit seit myn hert".

Friso Douwstra is koartlyn keazen as listlûker fan it CDA yn Ljouwert. Dat wurdt him no net, it Ljouwerter CDA sil op syk moatte nei in alternatyf foar Douwstra. Wa't dat wurdt is noch net bekend.

Yn it gemeentebestjoer Douwstra as wethâlder ferantwurdlik foar ekonomyske saken, ûnderwiis, sosjale saken en ferkear. Dêrfoar wie er fraksjefoarsitter fan it CDA yn de gemeenteried.

Yn in earste reaksje neamt it Ljouwerter CDA it 'min nijs'."We zullen deze kundige en aimabele bestuurder zeker missen."

Lelyline

Douwstra is ek foarsitter fan de MIRT-kommisje fan de noardlike provinsjes en grutte gemeentes. Yn dy rol hat er him al ynset foar de oanlis fan de Lelyline mei as oantekening dat dy spoarline sjoen wurde moat as 'flugge spoarline nei Grins én Ljouwert', en net allinnich as spoarline nei Grins. Douwstra wurdt nei Avine Fokkens de twadde Ljouwerter yn it kolleezje fan Deputearre Steaten.

It is it doel dat Provinsjale Steaten op 22 septimber oer de foardracht fan Douwstra stimme. Dan wurdt ek ôfskied nommen fan De Rouwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)