Stikkene ketting nekt Tristan Bangma yn paralympyske tiidrit

Tristan Bangma hat gjin topklassearring riden by de paralympyske tiidrit op de dyk. Hy waard sechsde, op de reservefyts.
Bangma hie pech:
Al yn it begjin fan de wedstriid krigen Bangma en syn piloat Patrick Bos in probleem mei de ketting. Se stapten ôf, en krigen in nije fyts, mar dat koste kostbere tiid.
Bangma komt fan Donkerbroek. Hy hie al in gouden medalje yn de bûse: in wike lyn wûn er mei Bos in gouden medalje op de 4 kilometer achterfolging.
Bangma achter syn piloat Bos by in eardre wedstriid © ANP
De tiidrit is wûn troch Alexandre Lloveras út Frankryk. De Nederlânske Vincent ter Schure waard twadde. Krekt as Bangma finishte Ter Schure op de reservefyts. It tiidsferskil mei Lloveras wie sa lyts, dat de kâns grut is dat Ter Schure wûn hie, as der gjin fytswiksel nedich west wie.
Lloveras kaam oer de finish yn in tiid fan 41:54.02. Ter Schure siet dêr minder as sân sekonden achter. Bangma en Bos finishten yn 47:20.91, goed 5 minuten letter as de winner.

Wedstriid op de dyk

Yn it foar hie Bangma al oanjûn dat de tiidrit op de dyk foar him it minst belangrike ûnderdiel wie. "De 4 kilometer achtervolging en de wegwedstrijd, dat zijn voor ons de twee belangrijkste onderdelen. Daar hebben we ook de grootste kans om een medaille te winnen."
Bangma-en-dy komme freed opnij yn aksje, dan yn de wedstriid op de dyk.