Twa minsken licht ferwûne nei eksploazje op in boat by De Lemmer

30 aug 2021 - 21:04

Rêdingsboaten fan de KNRM en de brânwacht binne moandeitejûn alarmearre fanwegen in eksploazje op in boat op de Iselmar by De Lemmer. Neffens de KNRM wiene der fiif minsken oan board en binne twa fan har licht ferwûne rekke. Alle minsken binne yn feilichheid brocht.

Foto: CAMJO media

De minsken dy't oan board wiene, binne op De Lemmer wer op de wâl brocht. Nei alle gedachten hawwe der in pear reek ynazeme. De boat is meinommen nei de wâl.

Trefwurden: 
De Lemmer boat eksploazje
(Advertinsje)
(Advertinsje)