GGD net op alle skoallen wolkom mei faksinaasjefoarljochting

31 aug 2021 - 07:58

Der binne skoallen dy't der foar kieze om de GGD gjin foarljochting jaan te litten oer faksinaasje, wylst yn oare skoallen de GGD sels prikken set by learlingen dy't net yninte binne tsjin it coronafirus.

Bern op in skoalle - Foto: ANP

De GGD fersoarge moandei foarljochting oer coronafaksinaasje foar learlingen fan ROC Friese Poort yn Drachten. Dy koene harren dêr ek faksinearje litte. Der ûntstie opskuor om't demonstranten dêr tsjin wiene. Oare skoallen meitsje in oare kar, lykas Kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert.

De GGD lit witte dat der allinne foarljochting jûn wurdt op skoallen yn it MBO, HBO of universtitêr ûnderwiis, en allinne as de skoallen de GGD derfoar útnûgje.

Der binne âlden dy't hiel kritysk binne op it faksinaasjebelied fan it regear, sa merkt rektor Dirk Jan Dekker fan Beyers Naudé op. "Dy sizze bygelyks dat it faksin eksperiminteel is en dat sy echt net wolle dat harren bern dêrmei yninte wurde."

"Wy bliuwe út de diskusje"

Beyers Naudé fynt faksinaasje en teste in saak fan thús, net fan in skoalle. "Wy bliuwe út dy diskusje: wy binne gjin wittenskippers of oerheid, mar in skoalle. Alles wat mei faksinearjen te krijen hat is echt in saak fan thús, oft it no giet om foarljochting of gelegenheid ta ynintsjen. De minsken hawwe skoalle net nedich om ynformaasje te finen."

Rektor Dirk Jan Dekker fan Beyers Naudé

Neffens Dekker is it ek in oare saak as bygelyks foarljochtingen oer drank en drugs. "De faksins tsjin it coronafirus, dêr is noch net alles oer bekend. Bygelyks oer de effektiviteit by nije farianten. Mar by alkohol en drugs is echt wol bekend wat de skealike gefolgen binne, dus dat is echt wol in ferskil."

(Advertinsje)
(Advertinsje)