Friese Poort Drachten en GGD yntimidearre troch antyfaksdemonstranten

30 aug 2021 - 14:31

By in antyfaksinaasjedemonstraasje by it ROC Friese Poort yn Drachten ha minsken de skoalle betrêde. De GGD wie by de mbo-skoalle om foarljochting te jaan oer it coronafaksin. Twa demonstranten binne de skoalle yngien en misledigen en yntimidearren GGD-meiwurkers, personiel fan de skoalle en de studinten.

Antyfaksdemonstranten by ROC Friese Poort Drachten:

"We hadden voorlichting in een van onze gebouwen", fertelt Jelma Dekker fan ROC Friese Poort. "Daar hebben zich een arts en een advocaat gemeld en dat ging best wat intimiderend. Dus we hebben verzocht of ze het pand wilden verlaten. Toen hebben ze de politie erbij gehaald."

Foto: Omrop Fryslân

De dokter en advokaat hawwe dus sels de plysje belle, om't se de foarljochting net bywenje mochten. Nei in petear mei de plysje ha se de skoalle ferlitten. De skoalle tinkt tegearre mei de GGD nei oer oanjefte tsjin de fertochten fanwegen it yntimidearjende karakter fan it foarfal. "We gaan onderzoeken met de GGD of we aangifte gaan doen, dat speelt nog."

Demonstraasje

De demonstraasje wie fan tefoaren bekend, en ek tastien troch de skoalle. "Iedereen heeft recht om te demonstreren. We hebben ze daar de ruimte voor gegeven, we hebben een vak ingedeeld waar mensen konden staan. Ze konden in gesprek met studenten, dat is ook gebeurd. Maar wij vinden het heel vervelend dat het op deze toon moet. Wij willen het gesprek wel aan gaan, maar dan moet het wel een goed gesprek worden."

Foto: Omrop Fryslân, Darshan Boerema

De GGD bliuwt de kommende tiid foarljochtingen jaan op skoallen. As skoallen dat wolle kin de GGD studinten ek de mooglikheid biede om in coronaprik te heljen, as de studinten dat wolle.

Jelma Dekker fan ROC Friese Poort

(Advertinsje)
(Advertinsje)