Joël de Jong einiget as lêste yn finale 100 meter

Joël de Jong hat op de 100 meter hurdrinnen yn Tokio gjin poadiumplak helje kinnen. Hy einige op it ûnderdiel as lêste yn de finale. It goud gie nei de Rus Prokhorov.
© www.orange-pictures.nl
De Harnzer rûn syn 100 meter yn 12,90 sekonden. Dat wie 0,10 sekonde rapper as syn tiid yn de searjes. Prochorov pakte de titel yn 12,04. Dat wie ien hûndertste fan in sekonde rapper as de nûmer twa, Vinicius Gonçalves út Brazilië. It brûns gong nei de Dútser Loen Schäfer.
It ôfrûne jier ferbettere De Jong him geweldich op de 100 meter. Syn bêste tiid wie 13,28, mar dat hie er yn in jier oanskerpe oant 12,65.

Sechsde by fierspringen

De Jong hat op de Paralympyske Spelen ek al meidien by it fierspringen. As nûmer trije op de wrâldranglist op dat ûnderdiel hie er hoop op in medalje. De Harnzer einige yn de T63-klasse mei in ôfstân fan 6,41 meter as sechsde. "Er had meer ingezeten. Wat dat betreft ben ik teleurgesteld", sa sei De Jong.