Liesette Bruinsma fiifde op 200 meter wikselslach

Liesette Bruinsma hat moandei gjin medalje wûn op de 200 meter wikselslach yn Tokio. Bruinsma einige op har tredde ôfstân fan dizze Spelen as fiifde. Se swimt dizze wike nochris twa ôfstannen.
© Orange Pictures

Sulver en twa kear fjirde

Tongersdei waard Bruinsma twadde op de 400 meter frije slach. Nei de sulveren medalje slagge se der net yn om op de 50 meter frije slach in medalje te pakken. Op dat ûnderdiel waard de swimster út Wommels twa kear fjirde. It ûnderdiel moast op 'e nij swommen wurde om't Bruinsma de earste kear hindere waard troch de Sineeske Li Guizhi. De twadde kear waard se wer fjirde.
Bruinsma komt op dizze Paralympyske Spelen fiif kear yn aksje. Woansdei swimt se de 100 meter skoalslach en foar freed stiet de 100 meter frije slach op it programma.