Rixt van der Horst komt net mear yn aksje yn Tokio; hynder net fit

Amazône Rixt van der Horst komt net mear yn aksje op de Paralympyske Spelen yn Japan. Se soe moandei noch in kür op muzyk ride. Har hynder Findsley N.O.P. hie him ferstapt en wie net fit genôch om meidwaan te kinnen.
© ANP

Al brûns en sulver

Van der Horst hie al sukses op twa oare ûnderdielen. Mei har hynder Findsley pakte se brûns op de yndividuele proef. Snein waard se mei de Nederlânske ploech twadde. Mei Frank Hosmar en Sanne Voets kaam se yn de buert fan goud, mar úteinlik skoarde Grut-Brittannië krekt better.
Nederlân wie op it ûnderdiel al Europeesk kampioen en wrâldkampioen. Dêr is no dus noch in sulveren Paralympyske medalje by kaam.