Noardeast-Fryslân makket him op foar start Benelux Tour 2021

De organisaasje fan de Benelux Tour is hiel entûsjast oer Fryslân en de hiele sfear dy't der no al hinget by de start fan de Tour. "Het is niet de eerste keer, maar zeker niet de laatste keer wat ons betreft. Dat is natuurlijk aan de politiek, maar wij vinden het hier prachtig," seit Christophe Impens fan Golazo Sports. Sy organisearje de Benelux Tour.
Takom jier sil de koers sa't it no liket ek in etappe starte of einigje yn Lúksemburch. "Dan wordt de naam Benelux Tour helemaal eer aan gedaan." Oer it dielnimmersfjild is Impens lyrysk: "Ik ben trots dat we het allerbeste deelnemersveld in de geschiedenis van de Benelux Tour, Eneco Tour en Binckbank Tour hebben weten te samenstellen. Zo'n deelnemersveld hebben we nog nooit gehad."
Wat der neffens Impens oan bydraacht dat der safolle grutte nammen oan de start stean, is it plak yn de kalinder, plus dat hurdfytsers har foar de bûnscoaches noch bewize moatte, om útkomme te meien foar har lân by it WK hurdfytsen.

"Friesland is zó mooi"

Oer it gebiet Noardeast-Fryslân wol Impens ek noch wol wat sizze. "Friesland is zo mooi, al die waterpartijen, al die gezellige dorpen. Het is prachtig en als je dan toch moet kiezen voor een massasprint dan heel graag hier in Friesland. Het is mooi dat we Friesland via de Benelux Tour aan de ganse wereld kunnen laten zien", seit de organisator fan de koers.

Start moandeitemidddei 13:00 oere

De Benelux Tour giet moandeitemiddei om 13:00 uur fan start yn it hert fan Surhústerfean. Sneintemiddei seagen twa hurdfytsers fan Jumbo-Visma by in parsekonferinsje yn de Dokkumer Bonifatiuskapel foarút nei de earste etappe, koerse yn eigen lân en de mooglike kânsen op oerwinning.
Opfallend by beide fytser wie, dat se útsjogge nei it koersen yn eigen lân en absolút wol kânsen sjogge op in etappe-oerwinning (Groenewegen). Dumoulin wit net krekt hoe't er der yn de koers foar stiet, mar wol wol wat besykje yn it klassemint. "Als Nederlandse ploeg is het denk ik gewoon heel bijzonder om hier te zijn en om echt om de prijzen mee te strijden."
Ferslachjouwer Ben de Jager praat mei Tom Dumoulin en Dylan Groenewegen