Ljouwerter syktocht nei ierdwaarmte sit yn krúsjale faze

30 aug 2021 - 06:16

De dream om in part fan Ljouwert troch ierdwaarmte fan skjinne enerzjy te foarsjen, sit no yn in krúsjale faze. Op kilometers djipte siket in konsortium fan fjouwer bedriuwen nei it waarme wetter dat dy enerzjy leverje moat.

Ljouwerter syktocht nei ierdwaarmte yn krúsjale faze:

Dit 'Warmte van Leeuwarden'-projekt is in inisjatyf fan Ennatuurlijk, Bouwgroep Dijkstra Draisma, EBN en Shell. Sy binne no ta oan de lêste tûzen meter fan de ûngefear 2.800 meter djippe boarrings. Dêrnei folget in test oft der genôch wetter is en oft dat waarm genôch is. De útslach dêrfan is foar 1 oktober bekend. As alles goed giet, kin dêrnei in twadde put boarre wurde en in waarmtenet oanlein wurde foar de stêd.

De lêste faze fan de earste boarring is no dwaande - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Mar as it net goed útpakt, wurdt it ferhaal oars, seit Gert Schurer fan Warmte van Leeuwarden: "Komt er niet voldoende water naar boven of is het water niet warm genoeg dan hebben we wel een probleem. Dan moeten we kijken of het project verder kan of niet."

De boarynstallaasje oan de súdkant fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Wat wol wis is, is dat dizze boarynstallaasje ferdwynt. As alles trochgiet, komt dêr in gebou foar yn it plak dêr't it waarme wetter sammele en ferdield wurdt oer de klanten. Dy klanten binne ûnder oare ING, Rijksgoedvastgoedbedriuw, Friesland College, Achmea, Ondernemerscentrum Friesland en sikehûs MCL.

(Advertinsje)
(Advertinsje)