Joey Veerman: "Volgens mij heeft AZ 4,5 miljoen op mij geboden"

29 aug 2021 - 21:57

AZ hat 4,5 miljoen bean foar Joey Veerman. De Volendammer moat by AZ de opfolger fan Teun Koopmeiners wurde. Snein stie Veerman noch gewoan oan de ôftraap by SC Hearrenfean yn in wedstriid dêr't krekt AZ de tsjinstanner wie.

Foto: Orange Pictures

Joey Veerman docht der net stikem oer: "Volgens mij heeft AZ 4,5 miljoen op mij geboden." Hearrenfean wol lykwols it dûbele foar de middenfjilder hawwe.

Joey Veerman: "Ik ben blij dat het over twee dagen klaar is"

AZ wie snein ek de tsjinstanner fan Hearrenfean yn it Abe Lenstra Stadion. Dat brocht neffens Veerman wol wat ekstra druk mei him mei: "Misschien was dat wel de reden waarom ik vandaag iets minder presteerde."

"Dan gaat er een strik om"

Trainer Johnny Jansen soe it spitich fine as Veerman fuortgiet. "Joey Veerman is heel belangrijk voor ons. Hij kan geweldige dingen met zijn rechterbeen en hij kan gewoon heel goed voetballen. Dus dat zou zeker heel spijtig zijn. Maar als er betaald wordt wat er betaald moet worden, dan gaan er een strik om."

Johnny Jansen: "Dan gaat er een strik om"

Jansen fûn dat Hearrenfean tsjin AZ yn balbesit min spile. "Dan wordt het rennen en vliegen. Dat is jammer, want ik vond dat we de eerste twee wedstrijden veel beter aan de bal waren dan vandaag."

De trainer hat him ek ergere oan de twadde goal fan AZ. "Er moet veel meer druk op de bal komen. Dan moet je gas geven op die bal, man. Iemand die op de rand van de 16 een bal binnen kan schieten, dat kan gewoon niet."

Grutske debutant

Yn de lêste fiif minuten fan de wedstriid kaam Djenahro Nunumete yn it fjild, it wie syn debút: "Dit is een moment waar je van droomt als kleine jongen. Eindelijk het debuut in het betaalde voetbal. Ik heb er lang op gewacht en hard voor gewerkt."

Djenahro Nunumete

Nunumete fûn it wol spannend doe't hy deryn mocht. "Op het moment dat de trainer mij roept, gieren de gezonde zenuwen wel door je lichaam, dus ik ben zo snel mogelijk naar de dug-out gelopen, kleren uitgedaan en het veld in."

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)