Liesette Bruinsma grypt njonken medalje op 50 meter frije slach

29 aug 2021 - 16:06

Liesette Bruinsma fan Wommels is der net yn slagge om in medalje te pakken op de 50 meter frije slach op de Paralympyske Spelen yn Tokio. Bruinsma waard fjirde.

Foto: Orange Pictures

Freed waard de finale op de 50 meter frije slach ek al swommen. De wedstriid moast lykwols oerswommen wurde, omdat Bruinsma yn dy race hindere waard troch de Sinese Li Guizhi. Ek yn dy wedstriid waard Bruinsma fjirde.

Bruinsma swom yn har twadde kâns nei in tiid fan 30,19. It wie in persoanlik rekôr foar de Friezinne, mar goed foar in medalje wie it dus net. It goud gong nei Ma Jia út Sina.

(Advertinsje)
(Advertinsje)