Sykaksje nei fermiste frou yn Noardsee by Flylân beëinige

Yn de Noardsee by Flylân waard snein socht nei in fermiste frou. Der waard socht troch de KNRM, en mei in fleantúch fan de Kustwacht en in helikopter fan de SAR. De frou is noch net fûn.
© LEO Middelsé, Melvin Wiersma
De frou rekke fermist oan it begjin fan de middei, oan de noardside fan strânpaviljoen 't Badhuys op Flylân. Nei alle gedachten gie se te swimmen.
Omstanners ha de helptsjinsten warskôge, meldt de Kustwacht.