Al tsientallen deade brúnfisken oanspield op Waadeilannen; deitaak foar oprommers

29 aug 2021 - 13:58

It is in mystearje wêrom't der alle dagen in soad deade brúnfisken oanspiele op de Fryske Waadeilannen. SOS Dolfijn meldt dat dit sûnt ôfrûne tongersdei bart. It giet yntusken om tsientallen brúnfisken. Benammen op It Amelân en Skiermûntseach giet it om grutte oantallen. Allinne al op It Amelân binne der mear as fyftich deade fisken fûn.

Foto: RTZ & Dierenambulance Ameland

Neffens Annemarie van den Berg van SOS Dolfijn komme der noch hieltyd meldingen binnen. "Wat opvalt is dat er nu ook bruinvissen aan de vaste wal worden gevonden. Zo kregen we bericht van drie dode vissen bij Pieterburen."

Fan 'e wike waarden op It Amelân op ien dei tweintich strâne brúnfisken teld. De frijwilligers fan de diere-ambulânse hawwe der hast in deitaak oan om de bisten te romjen, seit Rob Knoeff fan de Dierenambulance op it eilân.

Teller op fyftich

"De teller staat bij ons inmiddels op vijftig. Twaalf daarvan zijn opgestuurd voor onderzoek, de andere vissen hebben we in het zand begraven", fertelt Knoeff tusken de bedriuwen troch oer de telefoan. "Ik moet nu opleggen, snel naar de volgende melding."

Rob Knoeff

Oer alle eilannen soe it om al mear as santich deade brúnfisken gean. Wat opfalt, is dat it meastentiids om folwoeksen bisten giet en dat sy dea oanspiele. It is noch folslein ûndúdlik wat de oarsaak is fan dizze pyk.

"Dit klopt niet"

Van den Berg fertelt dat der alle jierren hûnderten brúnfisken op de Nederlânske kust oanspiele, fan Seelân oant en mei Skiermûntseach. Dat der safolle deade bisten oanspiele yn sa'n koarte tiid is wol bysûnder.

"Dit klopt niet", seit Van den Berg, mar om krekt te witten wat der oan de han is, sil der mear ûndersyk dien wurde moatte. It is net dúdlik oft de pyk al syn hichtepunt berikt hat. SOS Dolfijn sammelet alle gegevens en der sil in tal deade brúnfisken oerbrocht wurde nei de Universiteit fan Utrecht foar fierder ûndersyk.

De Kustwacht hat by in patrûljeflecht sneon noch mear deade brúnfisken sjoen. Brúnfisken binne neffens Van den Berg tige gefoelich foar feroaringen yn de omjouwing. It is neffens har ek in fraach oft aktiviteiten yn it Waadgebiet de oarsaak binne fan de massale stjerte.

Der wurdt boppe Skiermûntseach in wynmûnepark oanlein en der is fan 'e wike in grutte oefening fan de marine úteinset op de Noardsee. Sokke saken kinne in neidielich effekt hawwe op it wolwêzen fan de brúnfisk, seit SOS Dolfijn. Oft dit sa is, moat noch ûndersocht wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)