Berjocht fia Instagram bringt Jhondly van der Meer by nasjonale alvetal Haïty

29 aug 2021 - 12:52

"Ik kreeg een berichtje via Instagram. De teammanager vroeg of ik wilde komen spelen voor het nationale team van Haïti." It klinkt as in grap, mar it is de wierheid foar de 19-jierrige Jhondly van der Meer fan SC Cambuur. In pear oerkes nei de oerwinning op FC Twente stapte er op it fleantúch.

Jhondly van der Meer oproppen foar Haïty

Van der Meer is adoptearre en wennet sûnt syn sechde yn Ljouwert. De earste jierren fan syn libben brocht er troch yn Haïty. It fuotbalbûn hat dat blykber oppikt en dus krige er fia Instagram it berjochtsje.

"Ik dacht eerst: 'Wat is dit?' Normaal doe je dat rechtstreeks via de club en niet via de speler of via Instagram", fertelt de ferdigener. Hy tocht oan in grap en die der earst neat mei. "Ik heb het genegeerd, maar ze bleven maar berichten sturen. Toen moest ik er wel iets mee. Een bekende heeft het voor me opgelost en toen zijn we verder gekomen."

Sneontejûn nei de 2-0 oerwinning op FC Twente is Van der Meer nei Schiphol ta gien, want tsjin twa oere nachts moast er fleane. De reis giet nei Bachrein, om't Haïty dêr twa oefenwedstriden spylje sil. Woansdei tsjin Bachrein en sneon tsjin Jordanië.

Dêrnei komt Van der Meer werom nei Ljouwert en dan is er wer op tiid werom foar it duel fan Cambuur mei Go Ahead Eagles.

Het is moeilijk te bevatten wat er allemaal op me af is gekomen.

Jhondly van der Meer, oankommend international fan Haïty

In jier lyn makke Van der Meer syn debút yn it earste fan Cambuur. Dêrnei siet er wol hieltyd by de seleksje, mar ta mear minuten yn kompetysjewedstriden kaam it net. Dochs sjogge de Ljouwerters it wol sitten mei him. De klup woe him noch fersterkje mei in rjochterferdigener, mar mei troch de ûntwikkeling fan Van der Meer dogge se dat net. Hy is goed dwaande en komt hieltyd tichter by ynfalbeurten.

Dat it sa goed giet by Cambuur is ek de reden dat Van der Meer totaal net neitocht oer in oprop foar it nasjonale alvetal fan Haïty. "Ik was alleen bezig met Cambuur, ook omdat het goed gaat hier. Ik had dit helemaal niet verwacht. Ik wil het graag meemaken en vind het een mooie ervaring."

Foto: Dijks Fotografie

Haïty is de nûmer njoggentich fan de FIFA wrâldranglist. Ofrûne simmer die it lân mei oan de Gold Cup, it kampioenskip foar lannen fan Noard- en Midden-Amearika. Dêryn ferlear Haïty krekt fan de Feriene Steaten (1-0) en foars fan Kanada (4-1), mar waard der wûn fan Martinique (2-1).

Ek spile Haïty yn de kwalifikaasje foar it wrâldkampioenskip fuotbal fan takom jier. Dêryn waard it lân útskeakele yn de ien-nei-lêste kwalifikaasjeronde troch Kanada.

Op sneontejûn is der noch gjin sprake fan spanning by Van der Meer. Mar, as er dan each yn each stiet mei de oare spilers fan de nasjonale seleksje begjint it miskien wol te kommen. "Het is moeilijk te bevatten wat er allemaal op me af is gekomen. Als ik er eenmaal ben, dan gaat de spanning nog wel komen. Het is wel iets groots!"

Dat de Ljouwerter goed taret dy kant op giet, mei dúdlik wêze. Want wat no as hy him sá goed ûntwikkelet, dat aansen it Nederlânsk alvetal foar him op de stoepe stiet? Kin er dan noch wol foar Oranje spylje? "Daar is een regel voor. Ik heb er al onderzoek naar gedaan. Dus ik kan nog voor Nederland spelen, als het komt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)