Lek yn lieding by Koarnjum feroarsaket lege wetterdruk yn Noard-Fryslân

In lek yn in transportlieding hat sneintemoarn soarge foar in lege wetterdruk yn in grut part fan Noard-Fryslân. It giet om in gebiet tusken Stiens en Harns.
© Kappers Media
It lek ûntstie yn in lieding yn de berm lâns de Brédyk by Koarnjum, de trochgeande dyk fan Ljouwert rjochting Holwert. Monteurs fan ûnder oare Vitens besykje de buis te reparearjen.
In rydbaan fan de Brédyk is fanwege de wurksumheden ôfsletten. It ferkear út beide rjochtingen wurdt regele mei stopljochten, en mei om en om by de dyk del.
It is noch net bekend hoelang oft it reparaasjewurk noch duorret.