Lêstip: Swalkers fiele har net sjoen: "Er is geen plek voor mensen zonder plek"

"Er is geen plek voor de mensen zonder plek." It binne de wurden fan Ulbe. Ulbe swalket fan plak nei plak en wennet yn in tinte. By de nachtopfang fan Wender is hy net wolkom fanwege alkoholisme. Sa binne der mear minsken yn Fryslân en benammen yn Ljouwert.
Troch: Simone Scheffer
Swalkers fiele harren net sjoen
Hoefolle it der presys binne is net dúdlik neffens de gemeente. Mear as je tinke, sizze Ulbe en Peter. Se fiele harren opjage en net sjoen. In maatskiplik probleem yn de boskjes en portiken.
Der binne foarsjennings foar dak- en thúsleazen fan de organisaasje Wender. Sa is der in nachtopfang en ek begelieding. Foar in tal minsken is dit lykwols net tarikkend: se rinne ek yn it systeem fan de opfang fêst. Ulbe en Peter binne dêr in foarbyld fan.
De manlju hawwe meardere problemen en binne hielendal fêstrûn. De iennige mooglikheid foar harren is it libben bûten. Swalkjend fan plak nei plak. Se soene graach wolle dat der oare mooglikheden komme foar dakleazen as harren. Wender is it iennige plak dêr't se terjochte kinne.

Monopoly

Dat is spitich neffens de mannen, dy't beiden al skoften sûnder hûs sitte. Se soene graach sjen dat der oarsoartige opfangen bykomme op mear plakken. De nachtopfang is allinnich foar de nacht, it fielt foar harren as in finzenis en de problematyk dy't se hawwe soarget der ek foar dat se der net terjochte kinne. Se fine it net in goeie saak dat der mar ien plak is en dat der in monopolyposysje is foar Wender.
"Ik zou graag meerdere plekken zien, waar je 's nachts kan verblijven maar ook 24 uur per dag kan binnenlopen. Al die mensen moeten overdag maar zien hoe ze het redden op straat, in de winter ook. Dat kost zoveel energie, dan kun je nooit meer iets opbouwen", seit Peter.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Peter rekke yn de problemen neidat hy in auto-ûngelok krige. Hy wie rydskoallehâlder. As ZZP'er krige hy gjin útkearing en rekke hieltyd fierder yn de problemen. Uteinlik rekke hy syn hûs kwyt. Dêrnei wie it in delgeande spiraal mei ek psychyske problemen.

Begelieding

Hy krige begelieding by wenjen, mar dat slagge net. Hy wenne noch in skoftke yn in kontenerwenning mar dat mocht mar foar in bepaalde perioade. Fan jannewaris ôf swalket hy no oer strjitte. Foar 25 euro hat hy in tintsje kocht en siket dan in plak om te sliepen. De nachtopfang makket hy somtiden gebrûk fan, mar mei tsjinsin.
Hy hat de boargemaster der ek al in mail oer stjoerd. Hat syn ferhaal ek dien by amtners. "Die vonden het ontroerend, maar er wordt niks mee gedaan en dus zit ik nog steeds hier, dakloos."
Ulbe is ek al in skoft swalkjende. Hy wie dakdekker, rekke dat wurk kwyt. Ulbe hat psychyske problemen en neffens himsels trauma's. Ulbe is ferslaafd oan alkohol. Hy wachtet al 2 jier op help mar dat slagget noch hieltiid net.

Net wolkom yn de opfang

Yn de opfang mei hy net mear komme fanwege syn alkoholferslaving en gedrach. Wol moat hy him 4 kear yn 'e wike melde by Wender. Oars reitsje je je útkearing kwyt fertelt hy. Dan krije je in dakleazensútkearing. Dy is noch gjin 300 euro yn 'e moanne.
"Ik wil graag geholpen worden maar er is geen label op mij te plakken. Volgens de deskundigen moet ik langdurig opgenomen worden om te detoxen maar ik wacht nog steeds."
Wêr moat de tinte dan stean? © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Wikenlang stie Ulbe by de Dokkumer Ie mar no hie hy in plakje fûn oan de Potmarge. Ek Peter komt fan in oar plak. Tegearre bivakkearje se op in smûk plak. Mar de hanthavening kaam fan 'e wike del.
Se hiene in fjoerke makke en dat joech oerlêst. Foar 12 oere freed moasten se ôfsette. Se krigen ek in bekeuring foar it drinken fan bier yn it iepenbier. De manlju fine dat ûnearlik en freegje harren ôf wêr't se dan wêze kinne.

Rekkenje yn minsken

Op de fraach wat se tsjin politisy sizze wolle antwurdet Peter: "Hou eens op met rekenen in centjes. Ga eens rekenen in mensen. Dat levert uiteindelijk meer op."
Beide manlju bliuwe lykwols leauwen yn in better libben. "Dit kan toch niet altijd doorgaan? Er komen vast betere tijden", seit Ulbe. Ek Peter leaut bot dat God him helpt en dat der ea in ein komt oan de ellinde.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Mar foar de koarte termyn, dizze dei, in plak hâlde is noch ûnwis. Foar 12 oere ommers moatte se fuort fan de hanthaveners. Dan is it 12 oere, mar der komt gjin hanthavening. Fraach oan Peter en Ulbe: "Wat no?"

Wat no?

"We laten de tenten staan. Ze zullen later wel weer komen, maar ik ga hier niet weg", seit Ulbe. De mannen stappe op en gean de stêd yn. Op de fraach oft se de tinten dan gewoan ûnbeheard stean litte, antwurdet Peter: "Ja, je neemt je huis toch niet mee de stad in? " Der wurdt smaaklik lake om de grap.
Jûns komt dan dochs noch de hanthavening del. Se wolle dat de mannen fuortgean. Peter is dan al útnaaid. Ulbe bliuwt sitten. Hanthavening wurdt fuortroppen. Ulbe sliept dus gewoan op itselde plak. Wêr't Peter de nacht trochbringt, is net bekend.