Plysje makket ein oan yllegaal feest by studinteflats yn Ljouwert

29 aug 2021 - 08:42

De plysje hat sneontenacht in yllegaal feest by studinteflats yn Ljouwert beëinige. Neffens de plysje stiene mear as 250 minsken tusken de studinteflats oan de Ubbo Emmiuslaan feest te fieren.

By de plysje kamen meardere meldingen oer lûdsoerlêst binnen. Nei kontrôle die bliken dat it om it yllegaal organisearre feest gie.

De plysje hat fuortendaliks in ein oan it feest makke.

Trefwurden: 
Ljouwert yllegaal feest
(Advertinsje)
(Advertinsje)