Steatefraksjes GrienLinks en PvdA wolle gjin nije gaswinning yn Waadsee

29 aug 2021 - 08:14

De steatefraksjes fan GrienLinks en PvdA binne tsjin nije gaswinning yn de Waadsee. Se wolle dat demisjonêr minister Stef Blok fan Ekonomyske Saken en Klimaat it ûntwerp-ynstimmingsbeslút foar de gaswinning wer ynlûkt.

Foto: Remco de Vries

Ek roppe de steatefraksjes Twadde Keamerleden op om it beslút fan 'e tafel te feien by it debat oer gas- en sâltwinning op 15 septimber. Mei it beslút jout de minister grien ljocht foar nije gaswinning by Ternaard fan 2023 ôf.

"Aanslag op klimaat en natuur"

"Dit is een forse aanslag op klimaat en natuur. De Waddenzee is een UNESCO Werelderfgoedgebied met unieke natuur", sizze steateleden Jochem Knol fan GrienLinks en Hetty Janssen fan de PvdA.

"Door de gaswinning ontstaat bodemdaling, die in combinatie met zeespiegelstijging voor onomkeerbare gevolgen zal zorgen. Daarnaast leidt gaswinning tot een toename van de CO2-uitstoot, terwijl we volop in moeten zetten op het aanpakken van de klimaatproblemen."

Tsjin winsk provinsjes en gemeenten

Neffens de steatefraksjes fan GrienLinks en PvdA giet it regear yn tsjin de útdruklike winsk fan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte en in soad Waadgemeenten om gjin gaswinning yn de Waadsee ta te stean.

Ek strookt it neffens harren net mei resinte útspraken fan de rjochter dy't it regear en oaljemaatskippij Shell twinge ta in flinke ferleging fan de CO2-útstjit.

Natuerorganisaasjes poerlilk

Freed reagearre de Waddenvereniging poerlilk op it beslút fan minister Blok. Natuerorganisaasjes ha oankundige nei de rjochter te stappen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)