Dream komt út foar Jamie Jacobs: "Ik ga 'm straks even aanzetten!"

Nei twa wedstriden mei goed spul, pakte Cambuur sneontejûn dan ek ris de punten. Foaral mei tank oan Jamie Jacobs, dy't twa kear skoarde.
Jamie Jacobs
"Vandaag valt 'ie voor mij perfect. Ik kan belangrijk zijn voor de ploeg, dus ik ga met een goed gevoel naar huis", seit Jacobs. De middenfjilder sprekt fan in wier Cambuur-jûntsje. "En ik denk dat er nog veel zullen volgen."

Streep ûnder blessueren

Jacobs tinkt dat der no in streep stiet ûnder moannen fan blessueren. "Ik heb geleerd beter op mijn lichaam te letten. Ik doe op het veld heel veel, misschien had ik ernaast meer moeten doen. Ik hoop dat het gedaan is en dat ik lekker kan voetballen."
Foaral de twadde goal wie moai, sa fertelt Jacobs. "Een prachtig moment om buitenom te komen, ik dacht niet dat hij me gezien had", laket Jacobs. "Een fantastische voorzet maar ik rond hem niet geweldig af. Maar voor vandaag was het goed genoeg."
Jacobs fertelde earder yn de Sportcast dat er as jonkje dreamde om himsels werom te sjen yn Studio Sport. Dat kin net misse snein, tinkt ek Jacobs: "Ik ga 'm straks even aanzetten!"
Henk de Jong
In geweldige jûn foar Cambuur, mei as hichtepunt it twadde doelpunt, sa seit De Jong. "De ûntlading by ús allegear, de earste oerwinning yn de earedifyzje sûnt desimber 2015", fertelt Henk de Jong optein.

Te folle publyk?

It publyk hie in grutte rol yn de oerwinning, seit De Jong. "Dat is wol hiel spesjaal, se meitsje sa'n soad lawaai." Sa lûd sels dat it liket as oft der tefolle minsken yn it stadion binne, laket De Jong.
De Jong fynt it moai dat Jacobs nei in minne tarieding no de winst binnenhellet. "Prachtich! Eins moat Jamie Jacobs wol yn de basis, mar ik moat ek op him passe. Mar ik fernaam op de bank dat er deryn moast. We witte wat er kin, dus ik sjoch der net fan op."
Michel Vlap
Yn de basis by Twente stie in âlde bekende: Snitser Michel Vlap is nei in aventoer yn België en Dútslân werom yn de earedifyzje. As âld-Hearrenfeanspiler fielt ferlieze by Cambuur net lekker, fertelt er. "Dat voelt niet lekker. We hebben vandaag nergens recht op gehad."
In spesjaal weromsjen, sa seit de Snitser. "Ik ben denk ik niet de meest geliefde speler hier", laket Vlap. Hy fertelt dat Twente flink muoite hie mei Cambuur. "Je voelt dat je er geen druk op krijgt, ik vond dat we ook best wel vaak te laat waren."