Moniek Klijnstra pakt foar tredde kear op rige goud by NK skeelerjen

Moniek Klijnstra is sneon foar de tredde rige Nederlânsk kampioen skeelerjen op de 200 meter wurden. Remon Kwant, dy't op It Hearrenfean wennet, wûn by de manlju.
© Neeke Smit
Klijnstra waard dus al twa kear earder Nederlânsk kampioen op de 200 meter, mar in oerwinning wie noch net wis. Nûmer twa Fleur Huls wie yn goeie foarm, mar Klijnstra bleau har fier foar.

Oar Frysk sukses

Maya de Jong en Berber Vonk pakten sulver en brûns op de 1.000 meter. Ek op de punte-ôffalkoers wie der Frysk sukses: De Jong pakte dêr it brûns.
Freed wiene der ek al flink wat medaljes foar Friezen. Vonk en Ruurd Dijkstra woene doe de ôffalkoers en De Jong pakte al brûns op de 500 meter.