Bysûndere muorreskilderingen út Earste Wrâldoarloch fûn yn kafee Bakhuzen

28 aug 2021 - 18:40

Yn Bakhuzen is in bysûndere ûntdekking dien. By de ferbouwing fan it âlde kafee Bleeker binne fjouwer muorreskilderingen fûn. De skilderingen binne yn de Earste Wrâldoarloch makke troch in Belgyske soldaat dy't nei Bakhuzen flechte is.

Skilderingen út Earste Wrâldoarloch fûn

Op de tekeningen is te sjen hoe't de Belgen tsjin de Dútsers fjochtsje yn de Earste Wrâldoarloch. De soldaten steane mei gewearen en kanonnen tusken de beammen. Yn de muorren binne gatten boarre. De skilderingen binne dêrtroch bot skansearre.

Yn 1915 stie yn de krante in berjocht dat Belgyske soldaten yn de âlde katolike tsjerke en yn it kafee dizze muorreskilderingen makke hawwe soene. De tsjerke is yn 1919 ôfbrutsen en it kafee is ferboud. De tekeningen ha in skoft út it sicht west.

Behang fan de muorre

It pân hat krekt in nije eigener krigen. Doe't de wurkgroep Bakhuzen te hearren krige dat der ferboud waard, ha se besocht de skilderingen werom te finen. Foarsichtich is it behang fan de muorre helle en dêr kamen de tekeningen tefoarskyn.

Henk de Kroon fan Histoarysk Wurkferbân Gaasterlân is bliid mei de fynst. "It binne hiel bysûndere tekeningen." It fermoeden is dat de skilderingen makke binne troch ien man. "De manier fan skilderjen is op elke muorre gelyk. De beammen, de gesichten, it kin hast net oars as dat dit troch ien man makke is", fertelt De Kroon.

De eksperts út België tinke net dat de man lang yn it leger sitten hat. "Der stean in pear dingen op dy't net klopje. Der steane Frânske offisieren op en Belgyske soldaten. Dat kloppet net. En de kanonnen sette se nea foar de ynfantery, mar der altyd efter. Dus dizze man hie strategysk net sa folle ynsicht."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Wat der mei de skilderingen barre sil, is noch net dúdlik. "Dit wurdt de wenkeamer fan de nije eigener en dy wol net in tekening mei fjochtsjende soldaten boppe de bank ha." Der binne ferskate opsjes. Sa kinne se de muorre derút helje en restaurearje, mar dat kostet al gau 200.000 euro.

In oare opsje is dat de skilderingen efter in grutte foarsetwand komme en dêr bewarre bliuwe. "Wy ha profesjonele foto's fan it spul makke en wy wolle sjen oft wy dy digitaal opknappe kinne."

Erfgoed

It soe skande wêze as de bysûndere tekeningen ferlern gean. "Miskien mei dat ek wol net. As de Rijksdienst Cultureel Erfgoed seit: dit is hiel weardefol, dit mei beslist net fuort, dan meist it as eigener net fuorthelje."

Oer twa wike komt de Rijksdienst Cultureel Erfgoed om de tekeningen te besjen en kinne se mear te witten komme oer de keunstwurken.

Henk de Kroon fan Histoarysk Wurkferbân Gaasterlân oer de tekeningen

(Advertinsje)
(Advertinsje)