Eksmoarre wint Nederlânsk kampioenskip by de junioaren

28 aug 2021 - 18:27

It partoer fan Eksmoarre hat sneontemiddei it NK junioaren wûn. Christiaan Stremler, Gerben de Boer en Pieter Jan Leijenaar wiene yn de finale mei 5-2/6-2 te sterk foar Wytmarsum.

Foto: KNKB

Wytmarsumers Redmer Zaagemans, Colin Baarda en Jari Visser pakten it earste buordsje noch wol, mar moasten doe gau ûnderdwaan foar Eksmoarre. It waard sels ienrjochtingsferkear nei de 4-1 Wytmarsum pakte noch wol in buordsje, mar op 5-2/6-2 wie it oer.

De tredde prizen wiene foar Ie (Jelle de Boer, Meindert de Jong en Rimer Hoekstra) en Dronryp (Jasper Jager, Jorn Lars van Beem en Mark Minnesma).

(Advertinsje)
(Advertinsje)