Fryslân Boppe op it NK Jeugd fierljeppen yn Kockengen

De Fryske jeugdljeppers hawwe it bysûnder goed dien op it NK Jeugd fierljeppen yn Kockengen. Leafst trije fan de fjouwer gouden medaljes geane mei nei Fryslân. Dêrneist hellen de jonge ljeppers ek noch twa sulveren en twa brûnzen medaljes.
© Martin de Jong
Yn Kockengen ljepten jonges en famkes oant en mei 10 jier, en oant en mei 12 jier om de Nederlânske titels.
Yn ûndersteand filmke de fjouwer gouden sprongen:
Fryslân Boppe op it NK Jeugd fierljeppen yn Kockengen

Fjouwer medaljes foar âldste jeugd

By de jonges oant 12 jier gie de titel nei Jorrit Bouwstra út Reduzum mei 11,07 meter. Twadde waard dêr Mark Boer út Zegveld (10,73) en Roan Bijlsma út Heech pakte it brûns mei 10,63 meter. Bouwstra waard ferline jier kampioen yn de jongste kategory.
© Martin de Jong
Viënne van der Knaap út Drylts wie de sterkste by de famkes oant 12 jier. Sy ljepte yn de finale in nij persoanlik rekôr fan 10,16 meter. Dat wie krekt fierder as Hieke Vogel út Menaam, dy't mei 10,12 m (in persoanlik rekôr) twadde waard. Julia van der Kleij út Zegveld wûn brûns (9,26).

Jongste jeugd trije poadiumplakken

By de jonges oant en mei 10 jier gie de titel nei Hylke Brouwer út Arum. Yn in nij persoanlik rekôr fan 10,01 meter pakte hy it goud, foar de Hollanners Jort v.d. Water (9.65, ek in PR) en Jarmo Timmens (9,46, PR).
By de jongste famkes bleaun de titel op it nipperke yn Hollân. Meike Cazant út Kockengen pakte op har thúsbarte de haadpriis mei 8,16 meter. Dat wie mar ien sintimeter fierder as Lyke Kaag út It Heidenskip dy't mei 8,15 m sulver wûn. Else Klijn Velderman, ek út It Heidenskip waard mei 7,72 m tredde.