Goutum wint NK Froulju, Manon Scheepstra pakt Wimpel

Manon Scheepstra, Nienke Sijbrandij en Judith Wiering ha sneontemiddei it NK Froulju yn Froubuorren wûn. De Goutumers fersloegen yn de finale Mantgum mei 5-2/6-2. Scheepstra hat dêrmei har Wimpel binnen.
Manon Scheepstra
De beide partoeren giene yn de finale wol efkes lykop, mar nei't se beide in spul pakt giene de buordsjes noch mar ien kant oer. Mantgumers Amarins de Groot, Lyssa van der Ende en Jennie Terpstra koene der neat mear oan dwaan.
Ferliezend finalist Jennie Terpstra
De tredde priis wie foar Huzum mei Anna-Dieuwke Dijkstra en Annelien Broersma.

Wimpel foar Scheepstra

Manon Scheepstra hat mei de oerwinning op it NK no lang om let har lêste Wimpel binnen. Dat is in priis foar keatssters dy't de fjouwer wichtichste wedstriden wûn ha. Se wûn earder al de Ald-Meierspartij, de Jong Famme Partij en de Frouljus PC.
Manon Scheepstra