Harkemase Boys spylje opnij lyk, no tsjin SteDoCo

Harkemase Boys hat sneontemiddei opnij lyk spile: de twadde wedstriid yn de tredde divyzje tsjin SteDoCo einige yn 1-1. ONS Snits begûn it seizoen mei in oerwinning op Flevo Boys, Bûtenpost ferlear ûnnedich.
© Orange Pictures
De Harkiten krigen al betiid in tsjinslach te ferwurkjen doe't Mart Dijkstra nei 20 minuten blessearre nei de kant moast. Krekt foar skoft kamen de Harkiten ek noch op efterstân, doe't Bejamin van Wanrooij yn de counter de 1-0 binnen skeat.
Nei it skoft sette Harkemase Boys mear oan en nei in grutte kâns wie it lang om let raak. In foarset fan Dennis van Duinen kaam op de holle fan de frijsteande Kian Visser: 1-1. Dat wie fuort ek de einstân.
It is it twadde lykspul op rige foar Harkemase Boys, ferline wike iepenen se it seizoen mei 3-3 tsjin Goes.

Snits start sterk

ONS Snits spile yn de haadklasse B de earste wedstriid fan it seizoen, thús tsjin Flevo Boys. De Snitsers setten sterk útein en al nei tsien minuten wie it raak. Nei in oertrêding op Mark Westra mocht Wesley Tankink oanlizze fan alve meter ôf: 1-0.
Noch gjin kertierke letter makke Rik Weening der 2-0 fan nei in assist fan Westra. Nei it skoft kamen de Flevolanners werom op 2-1, mar tsien minuten letter tekene Rik Koelewijn al foar de 3-1.
It rûn doe efkes út de hân: nei wat opskuor moasten sawol Yumé Ramos as Gerben Visser dûse. De besikers makken it, mei tsien tsjin tsien, wer spannend troch de 3-2 te skoaren, mar ONS makke gau dien wurk: Han van Dijk sette noch gjin minút letter de 4-2 einstân op it skoareboerd.

Better Bûtenpost ferliest

Bûtenpost begûn it seizoen mei in wedstriid tsjin ASV De Dijk. De Blaukes hiene yn de earste helte it oerwicht en krigen aardich wat kânsen, mar se koene harsels net beleanhe mei in doelpunt.
De twadde helte like krekt sa te gean, oant de Amsterdammers nei in oere op foarsprong kamen út in counter. It wie Sammy Gemmel dy't raak skeat.
Bûtenpost woe in ferlies foarkomme en sette dêrom alles op alles. Mei leafst fjouwer oanfallers giene se yn de oanfal, mar fierder as in frije traap yn de hannen fan de keeper kamen de Blaukes net mear.