113 nije coronabesmettings yn Fryslân, ien sikehûsopname

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 113 nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne 15 mear as freed, doe't 98 nije besmettingen meld waarden.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 109 besmettingen meld yn Fryslân. Freed lei dat trochsneed op 108, in wike lyn op 82.
De measte nije positive tests binne registrearre yn de gemeenten Súdwest-Fryslân (18), folge troch, Ljouwert (16) en Waadhoeke (15).
Op de eilannen en yn gemeente Harns waarden gjin nije coronabesmettings meld.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Gjin stjergefallen en ien sikehûsopname

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus, en der is ien persoan opnaam yn it sikehûs. It giet om in ynwenner fan Súdwest-Fryslân.
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 2.494.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.