Monumint foar deaberne poppen op Huzumer tsjerkhôf: "Om it in plakje te jaan"

Bern dy't by of flak nei de berte stoarn en begroeven binne, meie net fergetten wurde. Dêrom is der op it tsjerkhôf by de Huzumer tsjerke yn Ljouwert in monumint ûntbleate.
Monumint bern
Op it hôf lizze 250 bern sûnder namme dy't hjir yn de 20e iuw faak yn in kollektyf grêf begroeven binne. Inisjatyfnimmer fan de tinkstien is Meindert Tangerman, ien fan de frijwilligers dy't it ûnderhâld dogge op it tsjerkhôf. "It is tige wichtich dat minsken in plakje hawwe om stil te stean by wat se meimakke ha", seit Tangerman.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Safolle bern, safolle ferhalen. Heiten en memmen dy't in trauma oprûn hawwe.
Meindert Tangerman
It foel him op dat der safolle deaberne bern stiene yn it begraffenisboek. "Safolle bern, safolle ferhalen. Heiten en memmen dy't in trauma oprûn hawwe. Memmen dy't noch yn it kreambêd leine, wylst har berntsje meinommen waard. Heiten dy't sels in soantsje of dochterke begroeven en dêrnei te hearren krigen dat se mar wer gau oan it wurk moasten", fertelt Tangerman.
"De memmen hawwe it allegear ferswijd, soms praten se der noch mei de eigen bern oer, mar dat die de heit faak noait. Op lettere leeftiid komme de ferhalen nei boppen." Krekt dêrom is neffens Tangerman sa'n monumint belangryk. "Sjoch it as traumaferwurking. Om it in plakje te jaan."
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Op it monumint foar it Naamloze Kind stiet de folgjende tekst, makke troch dichter Atze van Wieren: 'Hja kamen libbenleas op 'e ierde en gongen nammeleas wer fuort. Wy betinke se yn leafde, skeppe sa in fuortbestean.'