Omrop TIP: Beklimmers fan it flakke lân (diel 8): 'Bezint eer ge begint'

De stilte op it plattelân biedt romte foar besinning en spiritualiteit. Kin Fryslân dêr net mear mei dwaan, is de fraach yn 'Bezint eer ge begint', diel 8 fan de FryslânDOK-searje Beklimmers fan it flakke lân. Te sjen op 28 augustus by NPO2 en op 29 augustus by Omrop Fryslân. Der heart ek in podcast by, we prate mei Joke Hermsen.

Podcast 'Ut 'e tiid stappe'

Neffens filosoof Joke Hermsen binne kalmte en oandacht wichtige betingsten foar kreativiteit en helder tinken. Kwaliteiten dy't nedich binne om feroaringen op gong te bringen. Minsken wurde sa opjage troch de klok, dat sy ferjitte om rêst te nimmen. Dêrtroch reitsje se út balâns en krijt ien op de fiif minsken in burn-out. Yn in ynterview mei Bart Kingma seit Hermsen: 'Wy moatte sa no en dan oan de kloktiid ûntsnappe. Ut 'e tiid stappe.'

Hippys yn Hantum

Liskje Kuipers wie in jier as acht doe't ein jierren 70 de earste hippys yn Hantum kamen te wenjen. It doarp fûn it earst mar neat, mar Liskje fûn it prachtich. Sy rekke befreone mei ien fan harren. Letter waard op it lân fan har freondinne in boeddhistysk sintrum boud. Ek Liskje sleat har oan by it boeddhisme.
Liskje Kuipers © Omrop Fryslân

Boeddhisme

It sintrum yn Hantum is der noch altyd en is in wichtich moetingsplak foar de folgelingen fan de Karma Kagyu orde - ien fan de fjouwer haadstreamingen fan it Tibetaansk Boeddhisme. In hillich en bysûnder krêftich plak, seit Sherab, de behearder. Alle jierren reizigje hûnderten minsken nei Hantum om te meditearjen en op azem te kommen.
Sherab, bewenner Boeddhistysk kleaster yn Hantum © Omrop Fryslân

Besinningstoerisme

Hinne Wagenaar is dûmny yn Jorwert en inisjatyfnimmer fan Nijkleaster - in mienskip dy't siket nei nije wegen foar leauwen en spiritualiteit. Der is bûten Jorwert in âlde pleats oankocht dy't omboud wurdt ta in modern kleaster. Der sille fêste bewenners wêze, mar gasten binne ek wolkom. De Bêd & Brochje yn de tsjerke fan Skettens lûkt minsken dy't sykje nei spiritualiteit en besinning. Sy sliepe yn de toer en ite it moarnsbrochje yn de konsistoary. It rint as it spoar, it 'besinningstoerisme' sit yn 'e lift. It tsjerkebestjoer neamt de tsjerke 'Us Stille Misjonaris'.
Yn de tsjerketoer fan Skettens © Omrop Fryslân

Njoggen ôfleverings

Mei de searje 'Beklimmers fan it flakke lân' jout FryslânDOK romte oan nije inisjativen, faak lytsskalich en lokaal, basearre op grutte ideeën en idealen. Fan pluktunen oant technologyske ynnovaasjes, fan in 'Blue Zone' oant nije foarmen fan demokrasy. Alle njoggen ôfleverings hawwe in eigen tema: perspektyf, natoer & lânskip, lânbou, sûnens, it doarp fan de takomst, jongeren, bestjoer, spiritualiteit en, as lêste, de Fryske kultuer. De plannen en ideeën komme fan wittenskippers en fan de plattelânsbewenners sels.
De FryslânDOK-searje is makke troch programmamakkers Bart Kingma en Albert Jensma. It kamerawurk is fan Jan Bensliman en Bauke de Haan die de montaazje.
Albert Jensma, Jan Bensliman en Bart Kingma © Omrop Fryslân
FryslânDOK: Beklimmers fan it flakke lân, diel 8: Bezint eer ge begint. Dit is in werhelling fan 5/6 juny.
Sneon 28 augustus NPO2 15.30 oere (werhelling 29 augustus 13.10 oere)
Snein 29 augustus Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele