Oane Galama wint ek yn Gryptsjerk, mar Bokma wint it klassemint

Oane Galama hat de lêste fierljepwedstriid fan de reguliere kompetysje wûn. Galama hie oan in ôfstân fan 19,23 meter genôch foar it earste plak.
© Martin de Jong
Ofrûne wykein ljepte Galama ek al nei de Keningstitel yn Burgum. Gelyk yn de earste sprong wie it raak foar Galama. Op syn 19,23 meter biet eltsenien him stikken. Mei 18,97 meter waard Ysbrand Galama twadde. Sytse Bokma pakte it tredde plak.

Bokma klassemintswinner

Bokma bleau dêrmei Oane Galama noch krekt foar yn it klassemint. De sân bêste sprongen fan Bokma by inoar opteld wienen goed foar in ôfstân fan 138,11 meter, wylst Galama op 138,04 meter útkaam.
Bokma wint it klassemint
Klassemintswinner Sytse Bokma
By de froulju hie Femke Rispens de fierste sprong. Sy kaam ta in ôfstân fan 14,27 meter. Marrit van der Wal helle de finale ferrassend net. Van der Wal rûn ek de klassemintstitel mis. 106,70 meter wie net genôch foar de titel. Dy wie foar Tessa Kramer mei 106,80 meter.
Yn de oergongsklasse wie de oerwinning foar Age Hulder mei 17,37 meter. Dat wie hast in meter fierder as nûmer twa Folkert Veldstra (16,50 meter).
Tessa Kramer wint it frouljusklassemint
Yn de oergongsklasse wie de oerwinning foar Age Hulder mei 17,37 meter. Dat wie hast in meter fierder as nûmer twa Folkert Veldstra (16,50 meter).

Persoanlik rekôr Smit

By de junioaren stutsen der twa boppe de rest út. Minne Smit hie in persoanlik rekôr mei 19,27 meter. Dat wie lykwols net genôch foar de oerwinning. Rutger Haanstra sprong noch twa sintimeter fierder (19,29 meter). Opfallend is dat beide junioaren fierder sprongen as de winner by de mânlju.
Yn it klassemint smite dat gjin oerwinning op foar Haanstra en Smit. Sy moasten it dwaan mei in twadde en tredde plak. De sân bêste sprongen fan Wisse Broekstra wienen nammentlik fierder as dy fan Haanstra en Smit.
Rutger Haanstra fierste yn Gryptsjerk

Veenstra en Westert klassemintswinners

Germ Terpstra wûn by de jonges. Hy sette in ôfstân fan 16,53 meter del. Yn it klassemint einige hy as tredde. De titel wie foar Arend Veenstra. Douwe Abma einige as twadde op de ranglist. Opfallend wie dat sawol Veenstra as Abma yn Gryptsjerk bûten de finale einigen.
By de famkes wie Hanneke Westert wer ris de bêste. Har 14,79 meter brocht har in komfortabele oerwinning. Ek yn it klassemint wie se in klasse apart. Har sân bêste sprongen wienen goed foar 106,08 meter. Dat is in nij Nederlânsk rekôr.