Learlingen fan it RSG yn Snits massaal yn it spier foar in oar

27 aug 2021 - 18:58

Om de drompel om wat foar in oar te dwaan foar jongerein wat leger te meitsjen, wurdt de yntroduksjewike fan it RSG Magister Alvinus yn Snits freed ôfsletten mei in soarte fan oername troch de organisaasje Young Impact.

Sjoch hjir wat de Take Over fan Young Impact krekt ynhâldt

Nei in start mei in DJ en muzyk wurde de learlingen op de skoalle mei workshops holpen om út te finen wêr't sy de wrâld mei helpe kinne. Dêrnei wurdt dat yn de praktyk brocht om de skoalle hinne troch bygelyks smoargens fan strjitte te heljen,of kontakt te sykjen mei âlderein dy't mooglik wat iensum binne.

Michelle van Vliet fan Young Impact: "Eigenlijk proberen we vandaag de jongeren te laten ervaren hoe het is om je talent in te zetten voor een ander of de maatschappij. Ze gaan gedurende de dag ontdekken wat ze belangrijk vinden."

De learlingen wurde eefkes wekker skodde mei in DJ en muzyk - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It giet lykwols noch net safier dat de learlingen frijwilligerswurk yn stee fan húswurk dwaan kinne, sa seit teamlieder VMBO fan it RSG Magister Alvinus Laura van Dasselaar: "Dat is wel een heel mooi toekomstplaatje. Ik denk niet dat we dat nu al voor elkaar krijgen."

De bedoeling is yn elts gefal dat de stêd hjir wol wat fan mei krijt, seit Van Dasselaar: "We trappen dit schooljaar af door massaal impact te maken op stad Sneek."

(Advertinsje)
(Advertinsje)