Rami Kaib brekt syn kaak en is fiif wiken útskeakele

27 aug 2021 - 17:37

Rami Kaib is foar op syn minst fiif wiken útskeakele troch in brutsen kaak. De linkback fan Sportklup Hearrenfean rûn de blessuere ferline wike op yn in duel mei Rami Hajal.

Johnny Jansen oer Hearrenfean - AZ

De ferdigener spile noch wol mei tsjin RKC, mar yn de wike dêrnei hat bliken dien dat hy syn kaak brutsen hat. Njonken de blessuere fan Kaib hat Hearrenfean foar de wedstriid tsjin AZ te krijen mei noch mear blessueres.

Dresevic en Van der Heide fraachtekens

Ek efter de nammen fan Ibrahim Dresevic en Arjen van der Heide stiet in fraachteken. Dresevic hat focht yn syn knibbel. As hy net spilet, wurdt syn plak ynnaam troch Syb van Ottele.

Van der Heide wie der ferline wike ek al net by, mar soe miskien wer oanslute kinne. Rami Hajal is der yn alle gefallen net by troch in blessuere. Mitchell van Bergen giet sa goed as wis nei Middlesbrough en sit dêrom net by de seleksje.

Fermoedlike opstelling: Mulder; Van Ewijk, Dresevic (Van Ottele), Van Beek, Woudenberg; Joey Veerman, Kongolo, Halilovic, Stefanovic, Henk Veerman en De Jong.

Hearrenfean spilet snein tsjin AZ yn alle gefallen mei Sven van Beek wer yn de basis. De yn Gouda berne ferdigener kaam dizze simmer oer fan Willem II. Dêr waard hy de 'rêder fan Willem II' neamd. "We zijn in de Eredivisie gebleven en daar heb ik natuurlijk wel een groot aandeel in gehad. Ik heb bijna alle wedstrijden gespeeld, al gaat deze titel wel heel ver."

Van Beek: "Ik zit op mijn plek bij SC Heerenveen"

Van Beek syn heit is fuotbaltrainer by v.v. Groeneweg út de fjirde klasse yn Zevenhuizen, Noard-Hollân. Dêr sit hy al mear as tsien jier. "Dat gebeurt niet zo vaak hè, maar hij is nog steeds hongerig. Hij zegt altijd: als ik stop, moet ik ook elke dinsdag- en donderdagavond naar GTST kijken. Daar heeft hij geen zin in."

Altyd de bêste

Thús giet it dan ek faak oer fuotbal. "Zo ben ik wel opgegroeid, ja. En dan hebben we het ook wel vaak over mijn wedstrijd. Soms zijn we het ook weleens niet eens. Dat is ook wel leuk. En anders zegt mijn moeder dat ik toch altijd de beste ben."

Van Beek: "Mijn moeder zegt dat ik altijd de beste ben"

(Advertinsje)
(Advertinsje)