PostNL wol ferhuzing sortearsintrum út It Hearrenfean noch hieltyd trochsette

27 aug 2021 - 17:01

Postsortearder PostNL leit it advys fan de ûndernimmingsried oer de sluting fan it sortearsintrum op It Hearrenfean njonken him del. De ûndernimmingsried hat negatyf advisearre oer de ferhuzing fan it sortearsintrum nei Zwolle.

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

De direksje wol dêrhinne, omdat de ferhierder fan it gebou op It Hearrenfean de hier opsein hat. Meiwurkers moatte dan folle langer reizgje, wylst se frijwat ûngaadlike wurktiden hawwe.

Neffens it fakbûn FNV is de ferhuzing nei Zwolle net needsaaklik, want der binne op It Hearrenfean wol lokaasjes dy't geskikt binne. It negative advys fan de ûndernimmingsried betsjut dat de direksje in moanne wachtsje moat mei it plan foar in ferhuzing nei Zwolle.

Yn de tuskentiid besjogge de FNV, ûndernimmingsried en personiel wat se noch dwaan kinne om de ferhuzing te kearen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)